5 Doarpen Partij 2012

Ôfrûne wykein wie de fiif doarpen partij in Jorwert. Moarns wie it keatsen foar de bern en middeis foar de folwoeksenen. Sa gau as de komplete útslaggen fan de bern der binne sette we die fuort en daliks “online” mar oant die tiid moatte we ús efkes behelpe mei allinne de folwoeksenen.

Der wurde keatst in trije klassen. De froulju en de manlju B keatsen in heale kompetysje en de manlju A in twa poultjes. Bij de manlju A brocht Jan Heida in krâns nei Mantgum. Bij de jeugd wie die eare tabedield oan Jeen Arendz en Willem Reitsma bij de jongste kategory en Jurian Tolsma bij de âldste kategory. Dames 1. Pytsje van der Hem 2. Petra Miedema Fenna Bijslma Caroline van Muiswinkel Senioren B Klasse 1. Thomas Peridon 2. Frans Fopma Bauke Schoustra Hindrik Meinsma Senioren A Klasse 1. Pieter Zondervan 2. Albert Jonker Jan Heida Arjen Dijkstra 3. Broer Evert Siderius Sander Kuperus

Geplaatst op 04 June 2012